Sikke Visser

Ik bin 66 jier, wenje mear as 40 jier yn dizze mooie Gemeente, earst yn Terwispel en no yn Lippenhuzen. Ik wol my ynsette om Opsterlân ek mooi te hâlden, mooi om yn te wenjen, te  wurkjen en te rekreearjen . Yn it deistich libben bin ik boskwachter tafersjoch bij It Fryske Gea en dêrneist doch ik noch wurk foar de Sportfiskerij Fryslân. Leafde foar it Lânskip en witte wêrom it sa is as it is fyn ik wichtich. Ik ha de lêste jieren in protte op Schylge oan it wurk west. Earder ha ik wurke yn de fêferbettering.

Ik ha mij foar ferskate ferienings yn stetten as frijwilliger en wit hoe wichtich ferienings binne foar it doarpslibben.  Dêrom is bouwen yn de doarpen in tige wichtich, sadat us jongerein yn de doarpen wenje blieuwe kin en ek it ferieningslibben it klopjend hert fan de doarpen blieuwe kin

6erom is Greidefûgels ha al fan jongs ôf myn grutte belangstelling. Op it stuit bin ik aktyf bij fuotbalferiening THOR, doch neisoarch en set mij yn foar de keatssport, in opkommende sport yn ús omjouwing. Opkomme foar oaren sit mij yn it bloed. Ha mear as 30 jier yn in ûndernimmingsrie sitten. Hobby ‘s, it self brouwen fan bier mei freonen (foar eigen konsumpsje), greidefûgels, keatsen en sealfuotbaljen mei freonen wêr it sosjale gebeuren, de tredde helte ek wichtich is en ferskate wrâld- en lokale saken besprutsen wurde. Lit we meielkoar der foar soarge dat ik karakter fan ús Gemeente net ferlen giet en ynwenners de romte jaan om noflik te wenjen, te werken en te rekreearjen.