Sybryn van Wieren

Myn namme is Sybryn van Wieren, ik bin 37 jier, troud en heit fan twa bern.
Ik wurkje as dosint maatskippijkunde en as soarchkoördinator op in skoalle op De Jouwer. Dêr sjoch ik hoe wichtich it is dat minsken net tusken wâl en skip falle.

Dêrom is it sosjaal domein foar my tige wichtich: goede soarch, ûnderwiis en stipe foar elkenien dy’t dat nedich hat. In gemeente moat der wêze foar har ynwenners, benammen as it dreech wurdt.

Ik kies ek dúdlik foar it lânskip fan Opsterlân. Gjin Lelyline troch ús gebiet en gjin sinnepanielen op ús lânskip. Us iepen romte, ús doarpen en ús natuer moatte wy beskermje.

Mei de FNP wol ik my ynsette foar in sterk, sosjaal en Frysk Opsterlân.