Koos Siebenga

Myn namme is Koos Siebenga, kraanmasinist fan berop. De hiele dei bin ik dwaande mei masines en grut materieel, wurk dêr’t ik grutsk op bin. Yn myn frije tiid fynst my faak bûten: hout klove, om ’e hûs dwaande wêze of sleutelje mei âlde trekkers. Ek bin ik aktyf op it Tynster skûtsje It Swarte Wief wer ik een plakje ha as swurdeman. Dat ambachtlike, mei de hannen wurkje, past by my.

Ik fiel my sterk ferbûn mei it Fryske plattelân, it lânskip en it mienskipslibben. Hjirrom stel ik my kandidaat foar de FNP. In partij dy’t stiet foar ús taal, ús doarpen en foar minsken dy’t de lykas my skouders derûnder sette. Mei sûn ferstân, praktyske oplossingen en omtinken foar de mienskip wol ik my ynsette foar Fryslân en ús takomst.