Hayco van der Veen

Myn namme is Hayco van der Veen, ik bin 28 jier en opgroeid yn Oerterp. Koartlyn bin ik de grutske eigener wurden fan in wenning yn Fryske Peallen. Yn dizze tiid is dat foar jongerein net mear fansels. Dêrom fyn ik it wichtich dat ek jonge minsken út ús eigen gemeente dy kâns krije.

Ik wurkje as ecoloog by in wetterskip, dêr’t ik my ynset foar it herstellen fan beken en rivieren en it ferbetterjen fan de natuerkwaliteit. Dêr sjoch ik alle dagen hoe wichtich in sûne leefomjouwing is. Us lânskip en natuer fertsjinje romte en beskerming. Dêrom kies ik foar sinne-enerzjy earst op dakken yn stee fan op ús iepen plattelân, en gjin Lelyline dy’t ús lânskip trochsnijt.

Yn myn frije tiid bin ik graach bûten, bygelyks kuierjend yn de natuer. Ek bin ik al jierren frijwilliger by it Oerrock Festival as terreincoördinator. Dêr draach ik graach myn stientsje by oan in evenemint dat in soad betsjut foar de mienskip.

Ik sit by de FNP om’t dizze partij stiet foar in sterke mienskip, in sûn plattelân en respekt foar ús taal, kultuer en lânskip. Polityk giet foar my oer ferstannige keuzes foar de takomst fan ús doarpen, soarch foar inoar en romte foar ús moaie Fryske lânskip. Dêr wol ik my graach foar ynsette.