Anne Durksz

Ik bin Anne Durksz ,77 jier en ik wenje tegearre mei myn frou yn Sigerswâld.   

Hjoed de dei bin ik pensioneard, mar fan hûs út ha ik in agraryske eftergrûn. Sa ha ik inkele jierren by lânskip ûnderhâld wurke. De lêste 15 jier wie ik wurksum by de Omrin yn’t Hearrenfean, lokaasje De Wierde.  

As hobby hâld ik my dwaande mei Fryske hynders en Fryske sulverpel hinnen. Ik bin fjirder ek aktyf belutsen by de menniste (doopsgezinde) gemeente Drachten-Oerterp.