Ik bin Evert van der Meer, wenêftich yn Sigerswâld. Hikke en tein yn Akkrum (1945) yn in frysksinnige húshâlding. Ek in muzikale: mei heit en 3 bruorren by de pleatslike (top-)fanfare. Letter koe ik yn Grins mei dûns- en stimmingsmusyk in part fan myn stúdzje betelje kind (Klassiken en Ingelsk).
Oant 2010 wie ik dosint Latyn, Gryksk, Ingelsk, Skiednis en KCV op It Hearrenfean, yn Drachten, Ljouwert en Easterwâlde. Leaver dy sprieding oer de “eigen” regio as wurk op ien plak yn
Brabân as it Westen….
Polityk waard de FNP al ridlik gau favoryt by my. Lytse middenstanners lykas Heit en Mem/de lytsskealigens moasten it net ha fan’e PvdA, mar ek net fan’e VVD. Soks jildde noch mear foar de Fryske taal & Kultuer. De Fryske studinteferiening “Bernlef” wie fansels ek wol in FNP-nêst.
Doe’t wy yn 1978 yn Oerterp wenjen kamen bin daalk lid fan’e Fanfare wurden. Yn 1980 wie ik ien fan de oprjochters fan keatsklub “Op’t Fuottenein”. Dat wie doe de iennige yn Opsterlân en sjoch noris, no binne der in stik as 4, dy’t, ek mei “Drachten”, goed gearwurkje. Fjierde wie ik yn de jierren ‘80 en ’90 ek it belutsen by it Oerterper Strjittekabaret (Souwe en Wine).
Bûten it doarp wie der noch de semy-professioaniele 6-mans jazzband en 12 jier musyk skriuwe foar it Drachtster Lyséum-toanielorkest. As Sigerswâldster ûnder de reek fan Fryske Peallen holp ik op tromboane “De Sjofaar” salang as it duorre.
Keatsen is no net langer fertroud, mar spyljen op eufoanium, tromboane en greate bas giet noch dat it slydjaget. 3 moannen ferlyn kaam de gouden spjelde fan’e Organ.Mesykfer.
Fryslân, foar 71 jier lidmaatskip fan Frysk korpsen. As it in bytsje kin, noch hwat jierren derby!
