Stim op de FNP!
Yn gemeente– en provinsjebestjoeren yn Nederlân binne foar it grutste part lânlike partijen fertsjintwurdige. Al dy partijen sizze tichterby de kiezer te stean, wylst se dochs hannelje út in sintralistysk tinken wei en yn feite sjogge nei de belangen fan de Rânestêd. Yn de media oerhearsket it lûd út De Haach. Dat freget om in tsjinlûd.
Lokale partijen binne fan belang foar de gemeentepolityk en de FNP hat boppedat each foar de histoaryske eftergrûn: taal en kultuer!
It is dêrom net mear as logysk om, benammen ek by de gemeenteriedsferkiezings yn Opsterlân, te stimmen op de FNP!
