Wiebe Veenstra

Opsterlanners binne tige tefreden mei it wenjen yn har gemeente. Dat moatte we ek sa hâlde. Op ús romte, natoer en lânskip moatte we sunich wêze.

Ik kin my der yn fine dat de FNP klam leit op dy kwaliteit fan libjen. Mei in grut aksint op lytsskalige aktiviteiten op it mêd fan ekonomy, lânbou en toerisme.

In boubelied dat benammen rjochte is op betelbere huzen foar starters, âlderen en kwetsbere groepen sprekt my oan.

Foar de measte ynwenners is taal de drager fan ’e identiteit. Omtinken foar eigen taal en kultuer wol de FNP hoedzje en noedzje.

Ik bin âld-dosint hafû/vwo op in middelbere skoalle yn Drachten. Bin no noch aktyf yn learhuzen, lês- en gespreksgroepen dy’t har dwaande hâlde mei ûntwikkelingen op it mêd fan liberale teology, mei as ynstek hoe’t we dy yn de maatskippij stal jaan kinne.