De Gordyk
Reitze Johannes Jonkman (*1957 Nijskoat). Ik wenje no tsien jier op De Gordyk. Ik wie ûndersiker (1987-1999) en bin, nei myn pensjonearring, gastûndersiker by de Fryske Akademy. Dêr tuskentroch wie ik dosint Frysk op de Boargemaster Harmsma Skoalle op De Gordyk (1998-2000) en Bogerman yn Snits (2002-2024).
As frisist en taalsosjolooch skriuw ik in soad oer de hjoeddeiske taalsituaasje yn Fryslân en publisearje oer de histoaryske ûntjouwing fan it Frysk en allerhanne taalfariëteiten as it Stedsk en oare Hollânske taalfariëteiten yn Fryslân. Op De Gordyk haw ik de lêste tsien jier my ynset as doarpskoördinator en kollektant fan de Nierstichting.
