Sjoerdtsje Veenstra-Paulusma

Sûnt 1996 bin ik lid fan de FNP-Opsterlân.

Stimme op de FNP die ik al folle langer mar sûnt wy fan Drachten ferhuze binne nei Oerterp ha ik my oanmelden as lid.

Ik ha in skoft lang diel útmakke fan de skaadfraksje en ek altyd op de ferkiezingslist stien.

Ik ha keazen foar de FNP omdat dat de iennige partij is yn Fryslân dy’t him ek echt ynset foar de ynwenners fan de provinsje en foar har program net ôfhinget fan in lanlike partij mei meastentiids mear each foar de ynwenners fan de rânestêd as foar de regio. Yn de regio spylje oare saken as yn de stêdlike gebieten en dêr hat de FNP omtinken foar en set se har foar yn.

Ek foar it brûken fan de Fryske taal, wat ik hiel wichtich fyn, is de FNP de iennige partij dy’t dat út prinsipe en út oertsjûging docht.

De FNP stiet tichtby de bewenners en wit watfoar saken foar har fan belang binne, de riedsleden wenje fakentiids tichtby wêrtoch kontakt ek makliker giet.

Foar my binne dit saken dy’t fan belang binne, dêrom stim ik FNP.