Romte foar ús romte, mei wentebou dy’t passend is by ús doarpen. Gjin grutskalige wen-pusten en útwryske oantallen wenningen yn ús gemeente. Lit Opsterlân foaral Opsterlân bliuwe.
Buorkerijen: gjin yntensieve féhâlderijen: net mear barge- en hinnebedriuwen der mear by. Molféhâlderijen binne op syn bêst as se folslein grûnbûn binne: dan hoege se gjin dong ôf te setten, kinne dizze weardefolle dong brûke foar harren eigen lân.
Bioferskaat stiet folop yn de belangstelling: Mear blommen en gjin bestriidingsmiddels helpe ús bijen en oare ynsekten te oerlibjen.
Each hawwe foar de minsken dy’t it dreech hawwe, de gemeente stipet harren wer mooglik.
De gemeentelike lêsten moatte leech bliuwe. En romte foar ús ûndernimmers om te ûndernimmen. It yndustrieterrein by De Gordyk moat útwreide wurde, sadat har der nije bedriuwen festichje kinne.
It frysk moat sichtberder wurde: op strjitte én yn it deistich gebrûk. De gemeente jaget dit oan en jowt sels it goede foarbyld. Op alle skoallen wurdt it frysk aktyd promoate, mar ek brûkt. De kursussen foar net-friezen wurde aktyf oanbean.
Om koart te kriemen: Stim op de FNP foar in Frysker Fryslân.
