Jopie Kooijker

Ik bin Johannes Kooijker, mar ik lústerje allinnich mar as minsken om ‘Jopie’ roppe. Ik bin hikke en tein yn Nij Beets sa as je dat dan sizze. Ik mei hjir noch altyd graach wenje. 

Wurkje doch ik by de gemeente Opsterlân, wêr ik benammen ‘yn it grien’ oan it wurk bin. It wurk fielt foar my al wol as in hobby, mar wat ik it leafst doch is thús wat omrommelje. Fjirder mei ik ek graach wol wat ‘auwehoere’ en in grapke meitsje. 

FNP stim ik omdat sy ticht by de minsken steane en goed witte wat der spilet yn de mienskip.