Hikke en tein yn Terwispel, dêr’t ik mei nocht wenje mei myn húshâlding. Ik wurkje yn de IT by in grut enerzjybedriuw en bin dêrneist aktyf as trou – en bedriuwsfotograaf en mei-eigener fan in kommunikaasjebedriuw foar Fryske starters.
Mei myn eftergrûn yn projektmanagement bin ik posityf, nochter en rjochte op oanpakken en resultaat. Sport en muzyk spylje in wichtige rol yn myn libben; ik fuotbalje, mountainbike, doch oan crossfit en bin sjonger fan de Frysktalige bluesband Skraal.
Ut myn leafde foar de Fryske taal en kultuer wei set ik my graach yn foar de FNP en in sterk, takomstrjochte Fryslân.
