Gauke Dam

Ik bin Gauke Dam, 60 jier en wenje yn Terwispel. Ik ha myn eigen ûndernimming, DAM Groenadvies, en advisearje oer natoer- en lânskipsprojekten. Ek bin ik ien fan de inisjatyfnimmers dy’t mei de Stichting Moai Wenplak Terwispel besocht hat nije huzen foar de jongerein yn it doarp te bouwen, dit is no slagge en de earste huzen steane al!

Ik gea foar de FNP omdat dizze partij as gjin oar oanfielt wat der yn de Fryske mienskip libbet en spilet. De FNP stiet tusken de minsken. It is in partij fan trochpakkers yn stee fan praters.