Ik bin 37 jier en wenje op De Gordyk. Yn it deistich libben wurkje ik as ekspert reyntegraasje by in arbeidssaakkundich buro, dêr’t ik minsken begelaat by it finen fan nij perspektyf op wurk en partisipaasje. Ut myn wurk wei en myn sterke bining mei de regio sjoch ik hoe wichtich it is dat elkenien meidwaan kin en him thús fielt yn Opsterlân.
Foar my steane wurk, mienskip en de leefberens yn ús doarpen sintraal. Ik wol my ynsette foar in sterk en belutsen Opsterlân, mei spesjaal omtinken foar it behâlden fan jongeren yn de gemeente. Troch te ynvestearjen yn kânsen, ûntwikkeling en in oantreklik leefklimaat wol ik bydrage oan in takomst wêryn’t jonge minsken hjir wenjen bliuwe wolle, wurkje en opgroeie.
