Hans Hofstee

Yn it deistich libben bin ik foarman yn in masinefabryk yn Snits en bin ik yn maatskip mei myn broer en heit, dizze lêste buorket yn Gersleat. Ik wenje op De Tynje. Hjir bin ik al sûnt de oprjochting yn 2008 aktyf as liereman op it skûtsje It Swarte Wief. Dêrneist haw ik jierren belutsen west by it saneamde caravanfeest. Neist it skûtsjesilen ha ik noch ferskate hobbys lykas ielrikje en mei myn omkesizzer op paead, dy’t oan brommerracen docht.  De ôfrûne fjouwer jier ha ik as riedslid foar de FNP aktyf west.
As leafhawwer fan tradysjes en it lânskip rjochtsje ik my ûnder oaren op it foarkommen fan ûnkearbere feroaringen fan it plattelân, feroaringen dy’t ús lânskip net te’n goede komme. Lykas sinnefjilden en grutte wynmûnen. Ik wol in werkenber Opsterlân, foar no en letter.