Al twa riedsperioaden haw ik as fraksjelieder my ynsetten foar ús Opsterlân. Fansels bin ik fol enerzjy om my ek de kommende fjouwer jier yn te setten foar it behâld fan ús moaie Opsterlân mei har wiidske lânskippen, har krêftige mienskippen en fitale doarpen. Foar my stiet it behâld fan dit alles, ús goud, sintraal. It ferminderje fan rigeldruk, it beskikber meitsjen fan genôch wenningen foar ús mienskip, it behâld fan ús tradysjes en it útdragen fan ús Opsterlânske Fryske identiteit binne foar my spearpunten dy’t ik yn myn polityk hannelje hieltyd foaropset.
Yn it deistich libben bin ik dosint Skiednis en Frysk en Kultuer op’e Jouwer en yn Grou. Dêrneist bin ik aktyf yn it frijwilligerslibben op De Tynje, dêr’t ik bygelyks lokale eveneminten mei presintearje. Ek meitsje al mear as 11 jier diel út fan de iennige karnavalsferiening fan de gemeente, yn de funksje fan presidint. Ek bin ik aktyf yn it bestjoer fan de oldtimerbrommerklub fan it doarp. Alle wiken follybal ik op rekreatyf nivo by de Tynster gymferiening. As rasechte Tynster wit ik hoe weardefol it is om diel út te meitsjen fan in mienskip en hoe bot in doarp mei jo identiteit ferbûn is. It is hjirom, dat ik it wichtich fyn dat in Opsterlanner de kâns hawwe moat om op te groeien yn de mienskip dy’t him it neist oan it hert leit. Om dêr syn takomst belibje te meien, mei freonen en famylje.
Yn dizze takomst past gjin grutskalige ferstedsking. Plannen foar in stedsregio dy’t oanjage wurdt troch in Lelyline binne dan ek it tsjinoerstelde fan hoe’t de takomst, der wêr’t it de FNP oanbelanget, der útsjen moat. Ek it stadichoan omfoarmjen fan ús lânskip ta in enerzjylânskip mei hege wynmûnen, grutte útstrekte sinnefjilden en sels plannen foar gaswinning hearre ta in doembyld dy’t net realistysk liket, mar wol by ferskate minsken en politisy opkomme. Yn gearwurking mei in grutte groep (nije) FNP’ers yn Opsterlân sille wy dan ek de kommende fjouwer jier stride foar it behâld fan ús lânskip en mienskip. Foar de romte dy’t ús dierber is en dêr’t wy en noch in soad generaasjes nei ús yn opgroeie wolle. Dit wolle wy yn oparbeidzjen mei alle Opsterlanners mooglik meitsje.
Jou ús de romte!
