Sûnt 2022 mei ik foarsitter wêze fan de FNP (Fryske Nasjonale Partij).
Ik bin berne op De Feanhoop (Smellingerlân) en wenje no hast 25 jier yn Opsterlân. Foarhinne wie ik 20 jier sjoernalist by de Ljouwerter Krante. Dêrnei ha ik de wurdfierder fan de provinsje Fryslân west. No bin ik zzp’er en wurkje ik as kommunikaasje-adviseur, bestjoersadviseur en wurdfierder.
Ik wenje yn Beetstersweach. Wy ha thús Bêd en Brochje De Stookhutte. Yn myn frije tiid mei ik graach wat op it hiem ompiele en mei de freondinne der op út. Dêrnjonken bin ik in grutte sportfanaat. As SC Heerenveen thús spilet sit ik mei fuotbalfreonen yn fak 18.
