Joeri, 37 jier en wenjend yn Lippenhuzen. Tegearre mei myn freondinne Mirjam ha wy trije bern, Sinne, Hiske en Riemer. Fuotbalje by THOR, hurdrinne, frijwilliger by de brânwacht en aktyf foar Pleatslik Belang Lippenhuzen.
Wêrom no FNP? As frijwilliger wit ik dat der hieltyd mear druk komt te lizzen by dizze groep minsken, in groep dy’t ek noch hieltyd lytser wurdt.
De FNP is in partij dy’t tusken de minsken stiet, mienskipsminsken. Minsken dy’t de doarpen draaiende hâlde troch frijwilligerswurk te dwaan by de sport- of buertferiening, foar de basisskoalle of tsjerke yn it doarp of it doarpsfeest. En dat binne foar my de minsken wêr’t de FNP foar stiet. Troch de regeldruk te ferminderjen foar bygelyks doarpsfeesten of it fasilitearjen fan help foar organisaasjes.
