Ik bin Johnny Voskuilen. Ik bin opgroeid yn Terwispel en wenje dêr no al wer hast 21 jier, noch altyd op itselde plak. Nei in perioade fan fiif jier yn Eindhoven haw ik bewust keazen om werom te kommen nei de rêst en romte fan Opsterlân.
Yn it deistich libben wurkje ik as embedded software engineer by Dewulf yn Winsum (earder Miedema). Myn wurk freget om presyzje, betrouberens en oplossingsrjochte tinken. Eigenskippen dy’t ik ek meibring yn myn ynset foar de polityk.
Yn myn frije tiid sport ik graach en ryd ik motor. Underweis troch Fryslân genietsje ik fan de romte, it lânskip, it útsicht en de rêst. Dat binne foar my de kearnen fan wat Opsterlân én Fryslân sa bysûnder makket.
Ik haw keazen foar de FNP omdat dy stiet foar de romte, foar natuer en foar in moaie, rêstige omjouwing. De FNP Opsterlân set him yn foar wentebou foar de eigen jeugd, passend by de skaal en it karakter fan ús doarpen. Krekt as de FNP Opsterlân bin ik tsjin de Lelyline en tsjin grutte sinnefjilden yn it lânskip; sinnepanielen hearre wat my oanbelanget op dakken, net yn it iepen fjild.
As persoan bin ik rêstich, betrouber en in goede harker. Ik tink yn oplossingen en fyn it wichtich dat besluten makke wurde mei each foar de minsken en de omjouwing.
Jou ús de romte.
