Ik bin in leafhawwer fan ferskaat. Ferskaat yn alle libben op ierde, dus bioferskaat. En dus ek ferskaat fan minsken en harren kultuer. Ik hâld fan ús taal en besykje my yn ús provinsje altiten yn dizze taal te uterjen. Ik fiel my der thús by. Taal is lykwols in middel ta kommunikaasje en begrip foar inoar op bringe stiet op it earste plak.
Wichtich foar my is dat elts en alles de romte krijt om har of himsels te wêzen yn de mienskip. We binne der net allinne foar ússels, mar ek foar alle oaren. Oft se it no wol of net mei dy iens binne. En oft se no plant, bist of minske binne.
