Aah goeiedei,
Myn namme is Mirjam Bergsma en ik bin 34 jier âld. Teagearre mei myn freon en ús trije bern wenje ik yn it moaie, brûsende Lippenhuzen.
Yn it deistich libben bin ik Beliedsmeiwurker Frysk by gemeente De Fryske Marren. Wat ik hjirre doch is mei kollega’s en partijen fan bûten it gemeentehûs sa as de bieb, skoallen, horeka, it toerisme en fansels noch in soad oaren, sjen as wy it Frysk (noch) mear sichtber meitsje kinne yn de gemeente. Dit fien ik machtich, gearwurkje mei inoar om wat moais del te setten. Dit doch ik ek graach neist myn wurk. Sa sit ik yn Lippenhuzen yn de organisaasje fan it Liphústerfeest en fan de Sinterklaaskommisje. En ha ik fansels de ôfrûne 4 jier foar de FNP yn Opsterlân yn de rie sitten.
Werom no de FNP? Fansels om it Frysk! En dan bedoel ik net alline de taal mar ek har skitterende tradysjes, de ynset fan de minsken foar de mienskip, it lânskip wêr’t wy as FNP’ers sûnich op binne en gewoan in bepaalde tinkwize. It hoecht net oltyd mear (as it om húsen foar eigen jeugd of ynwenners giet fansels wol) it mei juust wol wat minder. Minder rigels, minder massabouw en fansels minder grutte wynmûnen/sinnefjilden. Súnich wêze op inoar en op ús moaie Fryslân.
