Thomas Visser

Achte stimmers, myn namme is Thomas Visser, op it stuit bin ik 31 jier jong en ynwenner fan de Gordyk. Yn it deistich libben wurkje ik as technysk tekener by in grutte kranebouwer yn Drachten.

 

Wy libje yn in prachtige plattelânsgemeente, dy’t bekind stjit om de lânbou, natoer en een sterke lokale identiteit. Lykwols steane guon fan disse saken ûnder druk. Sa is wenje kinne yn eigen doarp lang net fanselssprekkend mear, en is bygelyks in doarpsfeest organisere hieltiid dreger troch strangere regeljouwing. Dit bin saken wêr’t ik yn it deistich libben sels tsjinoan rûn bin, en my dien ha besluten om my oan te melden by de FNP.

 

Sawol de FNP as ik sels bin fan doel om dit tij te kearen. Mei in protte enerzjy gean wy d’r foar soarchjen dat de leefberens weromkomt en bliuwt!