Thomas de Roij

Ik bin Thomas de Roy út Jonkerslân. Undernimmer, heit fan trije bern en immen dy’t graach de hannen út de mouwen stekt.

Yn it deistich libben run ik myn eigen timmer- en montagebedriuw. Dêr learde ik: net prate mar dwaan. Gewoan problemen oplosse, ôfspraken neikomme en der foar elkoar wêze.

Neist myn wurk bin ik aktyf as frijwilliger yn doarpshûs De Lytse Jonker, belutsen by de Aldjiersploech Jonkerslân en set ik my yn foar Duorsum Jonkerslân. Ik fyn it wichtich dat ús doarp libben, ferbûn en takomstbestindich bliuwt.

Ik wol dat bern hjir feilich opgroeie kinne, dat âlderen meidwaan kinne en dat ûndernimmers romte krije om te bouwen en te groeien.

Mei de FNP kies ik foar Fryslân, foar ús taal en foar besluten dy’t ticht by de minsken makke wurde. Gjin Haachske praatsjes, mar gewoan sûn ferstân.

Wolsto ek in gemeente dy’t lústeret én docht?

Dan gean ik dêr graach foar oan ’e slach.